1998, De Magnetron

Beskriuwing is oernaam út de Frysk Toaniel Katalogus:

STIENSTRA, Bonne
Magnetron

BESKRIUWING

Fokke Heeringa, in man allinne, libbet hiel ienfâldich
op'e romte, sûnder alle hjoeddeiske geriif fan masines
en apparaten. Kontakt hat er allinne mei de buorlju.
Bûtensteanders fine it by him yn'e hûs in grutte binde,
mar Fokke is der lokkich mei.
De gemeente is lykwols fan betinken dat der wat oan
dien wurde moat en stjoert in maatskiplik wurkster op
ûndersyk út. It frommeske wit Fokke safier te krijen
dat er in wike by har yn'e húshâlding sil. Der moat him
wat hygiëne en beskaving bybrocht wurde.
Grutter tsjinstelling as tusken it frije, rêstige,
natuerlike libben fan Fokke en it fleanen en jachtsjen
yn'e húshâlding fan de maatskiplik wurkster en har man
en bern is der net te betinken.
De útfanhûzerij mislearret dan ek folslein.