1999, Gouden dagen

Beskriuwing is oernaam út de Frysk Toaniel Katalogus:

ANNEMA, Froukje
Gouden dagen

BESKRIUWING

Jan en Maaike, beide om 'e 40 jier hinne, binne op 't
stuit wat opinoar útsjoen; se ornearje, se moasten it
marris in moannelang (ynearsten) op prebearjen
bûteninoar sjen te rêden.
Sadwaande begjint it stik op it stuit dat Jan him (mei
de kanarje) foar fjouwer wike nei wenjen set op in
oanklaaid flatsje yn 'e stêd.
Hy stelt him wit wat foar fan de frijheid, mar hy is
noch kwalik hússittende of de neiste buorlju rinne him
de drompel al plat om yn 'e kunde te kommen en him mei
allerhande saken lêstich te fallen.
Lokkich bellet der in freon op, dy 't him in wykein mei
ha wol te fiskjen.
De hierbaas makket fan dizze gelegenheid gebrûk om Jan
syn flat datselde wykein te ferhieren oan in befreone
steltsje. Wat der him yn sa 'n sitewaasje ôfspilet kin
men fan tinken wol ha, foaral as men wit dat Jan syn
Maaike de helte fan dat steltsje útmakket en Jan om 't
strieminne waar sonder euvelmoed "thús" komt.
De ein lit him wol riede: der moatte gâns ohedens
sljochte wurde om alles yn 't fatsoenlike út 'e doeken
te dwaan.